oer it FOWD

Foaroanwurd

Eltse dei op ՚e nij begjinne

Begjin eltse dei as in nij minske! Eltse dei is wer dyn earste dei, dyn alderearste dei! Juster en alle eardere dagen en jierren binne foarby, begroeven yn de tiid! Do kinst dêr neat mear oan feroarje!Wienen der diggels? Tôgje se net mei, want se sille dy dei oan dei sear dwaan oant datsto op it lêst net mear libje kinst! Der binne diggels, dy՚tst yn de hannen fan God lizze kinst, en der binne diggels dy՚tst hielje moatst yn in oprocht ferjaan! Diggels dy՚tst mei alle leafde fan dyn hert net hielje kinst, moatst rêste litte!

Do moatst eltse dei op ՚e nij begjinne! Dat is libbenskeunst! Eltse dei nij wêze as it ljocht fan de sinne!Eltse dei oereinkomme út de nacht en begjinne mei dyn hannen fol hope en betrouwen! Do kinst net libje mei de diggels fan juster!

(in bewurking út Mensenlief, ik wens je vrede en alle goeds)

It úthâlden

‘Bliuw rêstich, jou dyn ûnmacht ta, en betrou der jimmeroan op, dat der in dei komt, datsto beseffe silst, hoefolle asto krigen hast.՚    (Henri Nouwen)

Sakramint fan ienheid

 It Hillich Nachtmiel is it sakramint fan ienheid. It ferbynt ús mei inoar. De apostel Paulus skriuwt: “Omdat it ien brea is, binne wy, hoe machtich ek, ien lichem, want allegearre hawwe wy diel oan it iene brea” (1 Korintiërs 10:17). It Hillich Nachtmiel is gâns mear as it fieren fan ús ferbûnens yn Kristus. It Hillich Nachtmiel bringt dy ferbûnens ta wêzen. As wy ite fan dit brea en drinke út dizze beker, wurde wy sels it lichem fan Kristus yn dizze wrâld. Kristus is wier oanwêzich yn it brekken fan it brea. Krektlyk sa binne wy by elkoar oanwêzich, as bruorren en susters fan Kristus, ferbûn yn ien lichem, ien mienskip. It Hillich Nachtmiel is net inkeld in utering fan ienheid. It bringt dy ienheid ta wêzen.   (Henri Nouwen)

Nij bestjoerslid;

Wy binne bliid dat wy Andrea Plantinga út Ie wolkom hite meie  yn ús bestjoer

Fan it FOWD

Leave minsken, wy meie wer weromsjen op in prachtich jier mei weardefolle tsjinsten. It makket ús tankber, dat jo en jimme der altyd wienen, en dat wy mei-inoar harkje mochten en sykje nei ús libbensdoel.

Yn it nije jier hoopje wy jo en jimme ek wer te moetsjen yn de âlde en prachtige Sint Annatsjerke. It preekroaster en de muzikale begelieding is wer fan in grut ferskaat. Wy sjogge dêr nei út!

De freugde liedt ús nei dit hûs, hjir komt ús ՚t Wurd benei. God ropt syn Namme út oer ús, wy sjonge fan syn dei (Tuskentiden 1:1).

Yn 2017 hawwe wy yn ՚e mande mei PTN Hantum foar de earste kear it Hillich Nachtmiel fiere meien. Wy wienen doe bliid ferrast troch de ferskate reaksjes. Foar 2019 stiet ek wer in fiering fan it Hillich Nachtmiel op it preekroaster. Jo en jimme binne fan herten útnûge!

Us oargelist Wim de Graaf hat besletten om op te hâlden. Wy hawwe altyd genoaten fan syn prachtich oargelspyljen en sizze him dêr tige tank foar!

De gearwurking mei de PTN gemeente fan Hantum is hiel bysûnder. Fjouwer kear jiers. Wy wurdearje dat tige by tige.

In wurd fan tank is hjir ek op syn plak foar alle finansjele stipers en foar harren, dy՚t yn de kollekten in “waarme” bydrage jouwe. Tige tank!

Utnûging

Jo binne altyd fan herten wolkom yn de Fryk Oekumenyske tsjinsten yn de Sint Annatsjerke fan Hantumhuzen, alle tredde sneinen fan de moanne om healwei tsienen moarns, útsein july en augustus.

Ut namme fan it bestjoer,

Lieuwe Nicolaï