It ferhaal fan Sint Anna

 

Alle moannen komme wy byelkoar yn de Sint Annatsjerke fan Hantumhuzen. Mar wa wie Sint Anna?

Ik sil besykje dêr in antwurd op te jaan. Sint Anna wie de mem fan Maria. Yn it apokrife evangeelje fan Jacobus wurdt ferteld dat der in âlde priester wie dy’t mei syn frou Anna yn Jeruzalem wenne. Hja hienen gjin bern. Doe’t Joachim op in dei nei de timpel gie om te offerjen waard him de tagong wegere om’t hja al 20 jier troud wienen en noch gjin bern hienen. Doe’t Joachim op it fjild oan ’t wurk wie krige hy in ferskining fan in ingel dy’t him oansei dat er in bern krije soe. Ek Anna hie sa’n ferskining belibbe en dêrnei krigen hja it bern Maria. Maria dy’t letter de mem wurde soe fan Gods soan; Jezus. Sint Anna is dus de beppe fan Jezus. De ferearing fan Sint Anna kaam yn West Europa wat letter op gong as yn it easten. It ûntstie yn de 8ste ieu, mar naam ta doe’t de krúsfarders Anna-relikwyen meinamen. Yn ‘e 16e ieuw waarden in soad tsjerken en altaren oan de Hillige Anna wijdt. Luther wie ien fan dyjingen dy’t de Annakultus fûl oanfoel mar koe net behinderje dat yn 1584 it feest fan Anna ferplichte waard foar de hiele tsjerke. De feestdei fan Joachim en Anna is op 26 july. Yn de kunst sjogge wy Sint Anna hieltyd ôfbylde mei Maria en Jezus, it saneamde Sint-Anna te drieën.

Sint Anna wurdt ek wol de patrones neamd fan: houlik, berte, lokkich houlik, berneseine, memmen, widdo’s, húsfroulju, wurksters, mynwurkers, kantklossers, mûnders, merkkeaplju, touslaggers, houtsnijers, wevers, kleanmakkers, feinten en ferlern guod.
Hja is patrones tsjin: oerdiedige rein, swier waar en hja is in helper yn need.

Joachim, pake fan Jezus, is patroan fan echtpearen, meubelmakkers en linnenhandelers.

Der binne ek in pear spreuken dy’t ûntliend binne oan Sint Anna:

Daar loopt iets fan St.-Anna (of St. Anneke) onder.
– dit wurdt wol sein fan in faam dy’t net as maagd it houlik yn giet.

Zij zit al/of zij blijft nog in Sint Anna’s schapraai (etenskast, huishouding).
– Dat wurdt sein as in faam gjin kâns mear hat om te trouwen en bern te krijen.

In pear waarspreuken binne wijd oan de feestdei fan Sint Anna (26 july)

Bouwen op Sint Anna de mieren bergen, dan zal ons de winter tergen. (26 juli)

Bouwt op Sint Anna de mier haar hopen, de winter zal niet zacht verlopen. (26 juli)

© Pytsje de Graaf